Wurk oan brêge Skarster Rien

15 mrt 2009 - 12:37

Op de A6 tusken De Lemmer en De Jouwer is dit wykein it wurk oan de brêge oer de Skarster Rien begongen. De brêge wurdt ferstevige mei in grutte stielen plaat. Dat is in nije wize fan renovearjen dy't goedkeaper is as it ferfangen fan de hiele klep fan de brêge.

De wurksumheden duorje in wike. Foar it ferkear is der mar ien rydstrook beskikber. Ek mei der minder hurd riden wurde op it plak fan de wurksumheden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)