Stimlokaal nei eigen kar

15 mrt 2009 - 12:29

Ynwenners fan Smellingerlân meie by de Europeeske ferkiezings wer sels witte wêr't se stimme wolle. De gemeente docht wer mei oan de regeling foar it stimmen yn in stimburo nei eigen kar.

Trije jier lyn, by de riedsferkiezings, die Smellingerlân dat foar it earst. Dit jier binne der wol in pear feroarings. Sa komt der ien model stimpas. Dy pas kin net sa maklik mear neimakke wurde. De Europeeske ferkiezings binne op 4 juny fan dit jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)