Evaluaasje WMO Smellingerlân

15 mrt 2009 - 12:26

Minsken yn Smellingerlân dy't thússoarch krije, binne faak net tefreden oer de ferfanging by sykte. Dat docht bliken út in evaluaasje fan de WMO fan de gemeente. It punt út de evaluaasje is yntusken besprutsen mei de thússoarchorganisaasjes.

Dy ha tasein dat der adekwate ferfanging komt by sykte. Op in soad oare punten docht Smellingerlân it wol hiel goed as it giet om de útfiering fan de WMO. Dêrby skoart de gemeente better as it lanlike gemiddelde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)