Ruten ynsmiten op De Jouwer
Op de Westermarwei op De Jouwer is yn de nacht nei sneon in man fan 21 jier oanholden omdat er mei in pear oaren in tal ruten mei bakstiennen ynsmiten hie. Dat wie by in wenhûs oan de Stelle op De Jouwer.
In tsjûge hie sjoen dat it barde. Hy hie de jonges folge en de plysje warskôge. De fertochte is troch de plysje meinommen nei it plysjeburo.