Undersyk nei brannen H'fean

14 mrt 2009 - 13:59

De plysje docht ûndersyk nei in searje fan seis brannen yn de nacht nei sneon op It Hearrenfean. De earste brân wie yn in kontener op de Dracht. Letter wie der ek brân by in earder skoalle op de Boargemaster Falkenawei.

Yn deselde buert stie ek in doarmatte fan in winkel yn 'e brân. De fjirde melding gong oer in kontener yn de Suderstrjitte. Op it Akkersplan stiene bergingshokken yn de brân. De lêste melding kaam opnij fan de Falkenawei. De brânwacht hat it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)