Ynstjoertermyn Skries ferlingd

14 mrt 2009 - 12:55

De ynstjoertermyn foar de provinsjale Sulveren Skries-priis wurdt mei twa wike ferlingd. Offisjeel wie freed de lêste dei, mar de provinsje hat op it stuit noch mar ien nominaasje krigen. De Sulveren Skries is in priis dy't jierliks útrikt wurdt foar it bêste inisjatyf op it mêd fan agrarysk natuer- en lânskipsbehear.

It gearwurkingsferbân agrarysk natuer- en lânskipsbehear is ferantwurdlik foar de priis, dy't troch de provinsje útrikt wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)