Stim op jo favorite sporters

Sitfoljebalster Sanne Bakker út Akkrum is ien fan de nominearren foar de Fryske Sportpriis 2008. Dat is sneon bekend makke troch deputearre Tineke Schokker, yn it radioprogramma Sport en Muzyk.
Oare nominearren binne reedrider Sven Kramer en turner Epke Zonderland fan It Hearrenfean. By de sportploegen binne der nominaasjes foar de Fryske keatsploech fan it WK, de roeiferiening Tréwes út Aldeboarn en de fuotballers fan It Hearrenfean.