CU wol parkeartariven omleech

14 mrt 2009 - 11:00

De parkeartariven yn Drachten moatte mei 10 sint ferlege wurde. Dat fynt de ChristenUnie yn Smellingerlân. It kolleezje fan B & W wol de parkeartariven yn Drachten just ferheegje, mar de ChristenUnie fynt dat no net sa'n goed plan.

As it parkearjild omleech giet, dan komme der mear minsken yn Drachten, sa is de gedachte. Dat is dan wer goed foar de ekonomy fan Smellingerlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)