Sven Kramer: goud op 5000 m.

Sven Kramer, it hiele seizoen al de bêste op de 5000 meter, wie freed ek de bêste op it wrâldkampioenskip op dy ôfstân. Op de Olympyske baan fan 2009 yn Richmond koe gjinien syn tiid fan 6.16,20 benei komme. Yn de rit foar Kramer ried Havard Bokko. De Noar sette in eintiid fan 6.18,02 del.
Kramer dûkte nei 1400 meter ûnder de tiid fan Bokko. De Feanster moast der hurd foar wurkje en it ferskil wie dit seizoen noch nea sa lyts, mar it slagge. Trevor Marsicano waard tredde.