Marrit Leenstra 10e op 1500 m.

13 mrt 2009 - 22:40

Marrit Leenstra is op de twadde dei fan de wrâldkampioenskippen ôfstannen tsiende wurden op de 1500 meter. De reedrydster fan Wikel moast op de Olympyske baan fan Richmond yn it lêste rûntsje tefolle tajaan. Har eintiid: 1.59,86.

De rapste fan allegearre wie de Kanadeeske Kristina Groves (1.57,75). Mar troch har diskwalifikaasje krige Anni Friesinger (1.58,66) it goud. Ireen Wüst skode op nei it twadde plak, Christine Nesbitt waard tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)