Graffity-spuiters oanholden

'BGYB' stiet foar 'Burgum Young Blood'
De plysje yn Burgum hat seis fertochten oanholden foar it spuitsjen fan graffity op sa'n fyftjin muorren fan gebouwen yn Burgum. It giet om in 16-jierrige jonge út Noardburgum, fjouwer jonges fan 15 jier út Burgum en in 14-jierrige jonge, ek út Burgum.
De plysje kaam de jonges op it spoar nei oanlieding fan tips. De skea is sa'n 3000 euro. De fertochten hawwe yntusken bekend en hawwe in proses-ferbaal krigen.