Held fan Weststellingwerf

13 mrt 2009 - 19:51

De gemeente Weststellingwerf is op syk nei de held fan de gemeente. It giet om in inisjatyf fan it projekt HeldenMoed fan de Landelijke Stichting Tegen Zinloos Geweld, dat yn totaal yn 23 Nederlânske gemeenten organisearre wurdt.

It doel fan HeldenMoed is om jongeren tusken de 12 en 18 jier te motivearjen om harren yn te setten foar de mienskip. Dêrby falt te tinken oan it organisearjen fan buertaktiviteiten of it útfieren fan frijwilligerswurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)