Rêstkeamer yn 'De Swing'

© Omrop Fryslân
Jeugdklinyk De Swing yn Ljouwert hat in nije keamer wêryn bern efkes ta rêst komme kinne. De Swing heint bern op mei psychyske problemen. Yn de tot-rust-kom-kamer kinne bern spannings ôfreagearje en wurkje oan konsintraasjeproblemen.
De keamer is ynrjochte as ûnderwetterwrâld. De flierren en muorren binne beklaaid mei sêfte kessens. De keamer is in alternatyf foar de isolearkeamer. It opsluten fan bern kin tige traumatysk wêze.