Frou Nobel fynt aai Amelân

13 mrt 2009 - 14:55

De 65-jierrige Janke Nobel fan Ballum hat tongersdei oan 'e ein fan de middei it earste ljipaai fan It Amelân fûn. Se fûn it nestje yn de Lege Miëde by Ballum.

It ljipaai is freedtemoarn oanbean oan loko-boargemaster Will Bakema. Janke Nobel krige in oarkonde en it finerslean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)