Kabinet set oankeap JSF troch

Neffens it kabinet soene der gjin arguminten wêze om ôf te sjen fan 'e JSF
De oanskaf fan de JSF-testtastellen kin trochgean. It kabinet sjocht gjin reden om ôf te sjen fan de keap fan de twa fleantugen. Dat is freed bekend wurden. Fryske ôfdielings fan de PvdA tsjinje it kommende wykein op it partijkongres in moasje yn wêryn't krekt frege wurdt ôf te sjen fan de oanskaf.
De JSF moat de opfolger wurde fan 'e F16. Fanwege de lûdsoerlêst en in protte ûndúdlikens oer de kosten groeit it ferset tsjin de keap.