Fiskers: iel útsette yn see

13 mrt 2009 - 12:33

Ielfiskers binne ree om in soad iel oer de seedyk te setten yn stee fan te ferkeapjen foar konsumpsje. Dat is in wichtich ûnderdiel fan in plan fan de fiskers om de ielstân te rêden.

Ek yn Fryslân binne noch in tal beropsfiskers op binnenwetter aktyf. De fiskers wolle ek mear glêsiel útsette, mar dan moat de fiskerij op dy iel yn Frankryk en Spanje wol ophâlde. It plan fan 'e fiskers is in reaksje op in earder plan fan it ministearje fan Lânbou en Fiskerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)