Hofstra fynt earste aai Snits

© Omrop Fryslân
Hermann Hofstra (65) út de Skierstins yn Snits hat tongersdeitemiddei it earste ljipaai fan de gemeente Snits fûn. Hofstra fûn it aai om 16.10 oere yn it maislân tusken Offenwier en de Snitser Aldfeart.
Boargemaster Arno Brok sil it aai freedtemiddei om 14.00 yn ûntfangst nimme op it stedhûs fan Snits. As it lotterjen útwiist dat it om in farsk aai giet, krijt Hofstra in oarkonde en in tientsje.