Earste aai Wûnseradiel fûn
Freed 13 maart moarns om healwei tsienen hat de 17-jierrige Martijn Ypma fan Eksmoarre it earste ljipaai fan Wûnseradiel fûn. Hy fûn it aai yn 'e omjouwing fan Eksmoarresyl.
It aai wurdt op moandeitemiddei 16 maart oanbean oan boargemaster Theunis Piersma fan Wûnseradiel.