Seis ûntwerpen foar âlderein

Ien fan 'e ûntwerpen: in memo-fotolist foar 'aktive âlderen' (Foto: Zareh Geertjes)
Hoe kinne je it libben fan âldere minsken moaier en makliker meitsje? Mei dy fraach fan Keunstwurk gie in tal ûntwerpers oan it wurk. Seis ûntwerpen binne mei finansjele stipe fan Keunstwurk útfierd en dy waarden woansdei presintearre.
It giet ûnder oare om in nij soart rollator, in tsiisskaaf en in bankje dêr't it middenstik út kin om plak te meitsjen foar in rolstoel, in digitale kalinder mei foto's as ezelsbrechje en in webcam-systeem foar âlderein.