Harns: N31 5 meter de grûn yn

13 mrt 2009 - 09:48

De N31 by Harns wurdt ferdjippe oanlein. De dyk ferdwynt oer in trajekt fan 2 kilometer hast fiif meter ûnder it meanfjild sadat it ferkear aanst net mear te sjen is.

Dat ha de provinsje, rykswettersteat en de gemeente Harns freed bekend makke. Under it Van Harinxmakanaal komt in akwadukt te lizzen. De Keningsbrêge bliuwt lykwols bestean. Dy kin brûkt wurde troch fytsers en oar lokaal ferkear. De oanlis moat yn 2012 útein sette.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)