Aksje tsjin kabinetsplannen

13 mrt 2009 - 08:28

Hûnderten aksjefierders út it Noarden reizgje freed nei Den Haach. Se wolle dêr it kabinet oanmoedigje om de goeie maatregels te nimmen om de ekonomyske krisis oan te pakken.

It regear praat al mear as in wike oer wat der gebeure moat om Nederlân troch de minne tiden hinne te krijen. De fakbûnen binne benaud dat besletten wurdt om de AOW-leeftiid te ferheegjen en om te besunigjen op de WW. Neffens de bûnen kin folle better ynvestearre wurde op it oplieden fan wurknimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)