Nije froulike ûndernimmers

Ien fan 'e nije froulikke ûndernimmers
De gemeente Ljouwert krijt der fjirtjin lytse ûndernimmings by, mei in frou oan de top. In healjier lyn joech de gemeente fyftjin wurkleaze froulju de kâns om in eigen bedriuw te begjinnen. Yn it projekt 'Matriamarkt' learden de froulju yn seis moanne mei-inoar de keunst fan it ûndernimmen fan coaches en ûndernimmers.
Tongersdei waard it projekt ôfsletten mei de útrikking fan sertifikaten oan fjirtjin fan de fyftjin froulju.