Nij heechhout by Penjum

12 mrt 2009 - 20:54

As it oan Plattelânsprojekten Noardwest Fryslân leit, komt der in heechhout oer in feart yn de kuierrûte oer de Penjumer Gouden Halsbân. It heechhout kostet mear as 20.000 euro wêrfan de provinsje mear as 8000 euro betelje moatte soe. De gemeente Wûnseradiel betellet de rest.

Plattelânsprojekten advisearret oan deputearre steaten fan de provinsje en dy advizen wurde hast altiten oernaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)