Earste ljipaai Kollumerlân fûn

12 mrt 2009 - 16:54

It earste ljipaai fan Kollumerlân is fûn troch Erik Wiersinga út Kollum achter it tsjerkje fan Lytsewâld. Dat barde woansdeitejûn tsjin healwei sânen. It aai is woansdei oanbean oan boargemaster Bilker fan Kollumerlân en goedkard.

Wiersinga is in oarkonde, in bosk blommen en in finerslean riker. Ferline jier waard it earste aai ek op 11 maart fûn yn de omkriten fan Lytsewâld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)