Startersliening foar keapwente

12 mrt 2009 - 16:45

De gemeente Achtkarspelen wol jongeren helpe in earste wenning te keapjen. De gemeente komt mei twa regelingen foar starters oant 35 jier. Jongeren kinne fia de gemeente in foardielige startersliening krije. Sa'n liening dekt it ferskil tusken de kosten fan in keapwenning en it bedrach dat in starter maksimaal liene kin.

By nijbou komt de gemeente mei in regeling wêrby't de starters de wente keapje en de gemeente fia erfpacht eigner bliuwt fan de grûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)