Advokaat wol nij ûndersyk Ooms

12 mrt 2009 - 15:58

De advokaat fan de haadfertochte yn de moardsaak Ooms wol in folslein nij ûndersyk. Neffens de riedsman Van der Biezen hat de resjerzje tefolle spoaren lizze litten.

Dat sei de advokaat tongersdeitemiddei op de pro-formasitting fan it heger berop. Foar de moard op Marinus Ooms yn Haulerwyk yn oktober 2006 binne trije manlju feroardield. De haadfertochte krige 18 jier sel, de oare twa respektyflik 15 sel en tbs en 10 jier sel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)