Enerzjykorporaasje op Amelân

12 mrt 2009 - 12:23

It Amelân krijt in enerzjykorporaasje wêryn eilanners sels ynvestearje kinne yn duorsume projekten. Amelanners moatte wol oandielen keapje foar 50 euro it stik. Dan kinne der bygelyks sinnepanielen delsetten wurde. Ek sil de Amelanner Enerzjy Korporaasje griene stroom oan de man bringe.

Doel is om 1000 oandielhâlders te krijen. In selde inisjatyf op Texel hat al hiel wat oandielhâlders opsmiten. De oprjochting fan de Korporaasje is op 19 maart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)