Opknapbeurt foar De Welle

© Omrop Fryslân
Swimbad de Welle yn Drachten krijt fan 't simmer in grutte opknapbeurt. De gemeente Smellingerlân lûkt hjir njoggen ton foar út. It swimbad wurdt skildere en krijt nije dakbedekking, nije startblokken en nije linen. Fierder wurde ek in tal enerzjybesparjende maatregels ynfierd.
Sa komt der enerzjyfreonlike ferljochting. As de grutte ûnderhâldsbeurt klear kin it swimbad wer fiif jier foarút.