Brân Dokkum mooglik oanstutsen

Brân nei alle gedachten oanstutsen (foto: Jan Beets)
De brân yn in leechsteande skoalle yn Dokkum is nei alle gedachten oanstutsen. De technyske resjerzje is noch dwaande mei in ûndersyk, mar it is al dúdlik dat de ruten fan de skoalle forseard binne. De âlde skoalle oan de Rûnwei is fan woansdei op tongersdei folslein útbaarnd.
It gebou stie al trijekwart jier leech en soe sloopt wurde om plak te meitsjen foar sa'n 30 wenten. Neffens de wenningkorporaasje hat de brân gjin konsekwinsjes foar de bouprosedueres.