Earste ljipaaien rûnom fûn

© Omrop Fryslân
Thomas_Feddema hat tongersdeitemoarn it earste ljipaai fan de gemeente Smellingerlân fûn. De 48-jierrige fûgelleafhawwer fûn it aaike yn in stik greide tusken Boarnburgum en De Wylgen. Tongersdeitemiddei wurdt it oanbean oan boargemaster Bert_Middel.
Ek yn Skarsterlân is it earste ljipaai fûn. Idzard Silvius fûn it aaike woansdeitemiddei by de Vogelzangweg by Aldehaske. Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân sil it ljipaai tongersdeitemoarn oanbean krije.