Famkes stelle út winkels

12 mrt 2009 - 09:50

Yn Ljouwert binne woansdei fiif famkes fan tusken 13 en 14 jier oanhâlden foar stellerij. De famkes hiene yn ferskate winkels yn in sintrum klean en sieraden stellen.

Twa famkes waarden troch befeiligingspersoniel op'e die betrape. De trije oaren naaiden út, mar binne letter oanhâlden op it treinstasjon yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)