Helte SMS'kes oer aai is mis

11 mrt 2009 - 22:28

It BFVW ropt aaisikers op om fral gjin test-SMS-berjochten mear te stjoeren mei har mobile telefoan, of yn elts gefal better de proseduere foar testberjochten te folgjen. De registraasje fan ljipaaien rekket dertroch yn de war.

Der steane no in goeie 50 aaien registreard, mar de helte derfan is net echt fûn. It BFVW hat dat útfûn, omdat der in aaisiker al 12 aaien op syn namme stean hie. De nepmeldingen wurde net mear fan it totaal ôfhelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)