Boeren: 'Fryslân moat betelje'

11 mrt 2009 - 22:05

Boere-organisaasje LTO Noard is folslein fernuvere oer de wegering fan de provinsje om mei te beteljen oan in nij gemaal by Lauwerseach. Neffens LTO Noard hat de provinsje yn it ferline just tasein dat dy wol meibetelje soe.

LTO Noard neamt it nije gemaal yn Lauwerseach 'ûnmisber foar de feilichheid fan minsken en bisten'. De provinsje moat him yn it sicht fan de haven net oan dizze ferantwurdlikheid ûntlûke, sa seit LTO Noard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)