PvdA: nee tsjin JSF

PvdA: noch gjin beslút nimme oer de JSF
Tsien PvdA-ôfdielings sille snein op it partijkongres in moasje yntsjinje wêryn't frege wurdt te wachtsjen mei de oanskaf fan de JSF. By de tsien sitte fiif Fryske ôfdielings. It binne dy fan Ljouwert, It Hearrenfean, Menameradiel, Tytsjerksteradiel en Ljouwerteradiel.
De PvdA-ers wize op it feit dat yn it regearakkoart ôfpraat is dat earst yn 2010 in beslút nommen wurde sil oer it nije Nederlânske gefjochtsfleantúch.