Cougar ferfangt SAR-helys

11 mrt 2009 - 17:11

De trije SAR-helikopters fan fleanbasis Ljouwert wurde op dit stuit ferfongen troch oare helikopters fan de luchtmacht. Wa't tiisdei yn 'e buert fan it MCL yn Ljouwert wie koe in griene Cougar-helikopter oerkommen sjen. De SAR-helikopters krije allegearre tagelyk in ûnderhâldsbeurt.

Twa helikopters steane yn Sweden. De oare stiet wol yn Ljouwert, mar is twa dagen út de running. Sawol de luchtmacht as it MCL sprekt fan in 'unike sitewaasje'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)