Enkête: bytsje stipe foar JSF

11 mrt 2009 - 16:59
Foto: Omrop Fryslân

In grutte mearderheid fan 'e minsken dy't op de koalysjepartijen CDA, PvdA en ChristenUnie stimd hawwe, sjocht de JSF net sitten. Dat docht bliken út ûndersyk troch it tv-programma Eén Vandaag. Fan 'e PvdA-stimmers is mar leafst 81 persint tsjin de oanskaf fan it nije JSF-gefjochtsfleantúch.

Ek de measte CDA-stimmers, 53 persint, wolle dat it kabinet ôfsjocht fan de JSF. De measte minsken dy't ûnderfrege binne wolle dat de luchtmacht trochfljocht mei opknapte F16's.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)