Soad fechtskiedings yn Fryslân

11 mrt 2009 - 11:17

Der binne yn Fryslân in soad bern mei problemen omdat der spul is yn 'e famylje. It rint derom stoarm mei oanmeldings foar it projekt Kinderbemiddeling fan Fier Fryslân.

Yn it projekt wurdt bemiddele by rúzjes tusken âlders en bern of tusken de âlders. It projekt is yn jannewaris begûn. Der binne no al 19 oanmeldings. Dat is de helte fan it tal saken dat Fier Fryslân yn it jier behannelje wol. Neffens Fier Fryslân binne der in soad 'fechtskiedings' yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)