Wiegel sprekt oer weryndieling

11 mrt 2009 - 11:04

Ald-Kommissaris fan ´e Keninginne Hans_Wiegel sil op 23 maart yn Koudum in sprekbeurt hâlde oer de oansteande weryndieling yn de Súdwesthoeke. Wiegel is kritysk oer de weryndieling en sil syn fyzje foar it earst yn it iepenbier taljochtsje.

Wiegel hâldt de sprekbeurt op fersyk fan de feriening ´Fan ûnderen op´ út Nijefurd. Wiegel hat de ´megagemeente Grut Snits´ earder yn in ynterview mei it Friesch_Dagblad ´een koekoeksei´ neamd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)