NAM: mear gas út Waad helje

11 mrt 2009 - 10:51

De Nederlandse Aardoliemaatschappij NAM wol yn 2011-2012 ûndersykje oft der mear gas út de Waadsee nei boppen helle wurde kin. It is noch net dúdlik wêr't dat krekt barre sil en om hoefolle gas it giet. Oanlieding is it feit dat it gas yn it Grinslanner gasfjild sa stadichoan oprekket.

Oer de hjoeddeiske gaswinning ûnder it waad is de NAM hiel posityf, mar ek dêr wurdt noch ûndersyk nei dien. Fan maaie ôf praat de NAM mei oare partijen lykas de Waadferiening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)