Autobrân op ´e Harkema

Foto: Martin Nuver/112 Groningen
In frou is tiisdeitemiddei licht ferwûne rekke by in autobrân by de apteek fan De_Harkema. De brân waard tsjin fiven meld. De brânwacht fan Surhústerfean hie in kertier nedich om it fjoer út te meitsjen. Dat it sa lang duorre kaam omdat se de motorkap fan ´e auto mar dreech iepen krije koene.
De frou waard op it plak fan de brân behannele troch meiwurkers fan ´e ambulânse en hoegde dêrnei net mear nei it sikehûs.