Frou springt út rút wenhûs
Yn de Skoalstrjitte yn it sintrum fan Ljouwert is woansdeitemoarn betiid in frou út it rút fan har wenning op de tredde ferdjipping sprongen. Se is slim ferwûne mei de traumahelikopter nei sikehûs MCL brocht.
It ferkear yn de omkriten fan it Saailân waard doe ôfset om romte te meitsjen foar de traumahelikopter.