Kasino Hearrenfean oerfallen

11 mrt 2009 - 09:57

Twa ûnbekenden hawwe tiisdeitejûn in kasino oan de Dimpte Molewyk op It Hearrenfean oerfallen. De twa dieders kamen om alve oere hinne it kasino yn en bedrigen in meiwurker. Dy joech dêrnei in ûnbekend jildbedrach.

Dêrnei naaiden de oerfallers út. De plysje hat noch nei se socht, mar koe se net mear fine. De plysje siket dêrom nei tsjûgen. Wa't wat sjoen hat wurdt fersocht om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)