Provinsje ynvesteart miljoenen

© Omrop Fryslân
Doarpen dy't graach in nij doarpshûs ha wolle mar dêr gjin subsydzje foar krigen, kinne no telâne by de provinsje. It is ien fan 'e ynvestearrings dy't de provinsje nei foaren hellet om de ekonomy te stimulearjen. Meiïnoar giet it om in heal miljoen euro dit jier en nochris itselde bedrach yn 2009.
Neist doarpshuzen wurde bedriuweterreinen opknapt en wurdt bek ynvestearre yn projekten foar it besparjen fan enerzjy.