200 besikers op Friezebal

In lytse 200 minsken binne tiisdeitejûn ôfkaam op it alternative boekebal yn Paradiso. Tema fan de jûn wie Fryslân. Tal fan Fryske dichters en sjongers treden op, lykas de dichters Tsead_Bruinja, Anne_Feddema en de sjongers Gurbe_Douwstra, Piter_Wilkens en Elske_DeWall.
It alternative boekebal waard fiif jier lyn opset út protest. In soad skriuwers en dichters koene gjin kaartsje krije foar it offisjele boekebal.