Soad Fryske FNV'ers yn aksje

© Omrop Fryslân
De reewilligens ûnder Fryske FNV'ers om freed yn Den Haach aksje te fieren tsjin de besunigingsplannen fan de regearing is grut. Seis bussen mei Fryske FNV'ers ride nei Den Haach. Der wurdt aksjefierd tsjin it plan om te snijen yn de pensioenen en de AOW-leeftiid te ferheegjen.
Tiisdei waarden de Fryske kaderleden fan it fakbûn FNV bijpraat oer de ferwachte maatregels. Ut Ljouwert, Drachten en It Hearrenfean wei ride der bussen nei Den Haach.