Jier sel foar minskehannel

10 mrt 2009 - 19:29

De rjochtbank yn Ljouwert hat twa Bulgaren in finzenisstraf fan in jier jûn fanwege minskehannel. De twa hienen in 18-jierrich famke út har heitelân meinaam nei Ljouwert, om har dêr yn de prostitúsje wurkje te litten.

Neffens de rjochtbank die it famke dat net frijwillich en hiene de twa manlju dat witte kinnen. Se hawwe dêrtroch ynbreuk makke op de persoanlike frijheid fan it famke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)