Spoeddebat oer gaswinning

Der wurdt al jierren protestearre tsjin de sâltwinning
Trije fraksjes yn de Twadde Keamer freegje in spoeddebat oan oer de sâlt- en gaswinning yn NW-Fryslân. Minister Van der Hoeven wol gaswinning wer tastean mar CDA, VVD en PvdA wolle dat se it dêr earst mei de Twadde Keamer oer hat.
De gaswinning waard stillein doe't earder dit jier bliken die dat de grûn folle hurder sakket as ferwachte waard. Ut ûndersyk moat bliken dwaan hoe't dat kin, mar foarútrinnend dêrop wol Van der Hoeven de winning talitte.