Kommissaris krijt earste aai

Jorritsma oan it lotterjen
Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma hat tiisdei it earste ljipaai fan Fryslân oannommen út hannen fan Wytze en soan Meinte Meinsma út Tsjom. Se fûnen it moandei yn in stik greide tusken Tsjom en Lollum.
Ûnder grutte belangstelling waard it aai lottere en goedkard wêrnei't de aaisikers de Sulveren Ljip meikrigen. Jorritsma mei it aai hâlde en sil it útblaze litte wêrnei't it in spesjaal plakje krijt op it provinsjehûs.