Bysûnder skilderij yn MCL

Yn it MCL sikehûs yn Ljouwert is tiisdei in bysûnder skilderij ûntbleate. It skildere is makke troch in groepke minsken dy´t gemoterapy krije. It giet om pasjinten dy´t geregeld foar in koarte kuer yn it MCL komme.
Ien fan de dagen fan de kuer brûke se om mei-inoar te skilderjen. De skilderessen fan it earste skilderij dat klear is, binne frou Kingma, frou Van Zuilen en frou Former. Net ien fan harren hie al earder skildere.