Keallen dea by brân Slappeterp

10 mrt 2009 - 12:07

By in brân yn in pleats yn Slappeterp binne sa'n tweintich keallen omkommen. De bisten koene net mear út de skuorre helle wurde. De brân is ûntstien by it hakseljen fan strie yn de skuorre. Dêrby kamen fonken frij. It fjoer sloech dêrnei oer nei de heasouder.

It grutste part fan de pleats gie ferlern, allinne in tal neistlizzende loadsen koe behâlden wurde. De brânwacht hie it dreech by it blussen fan de brân omdat der te min wetter yn de omlizzende sleatten stie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)